PKN
PROTESTANTSE GEMEENTE NOARDBURGUM
 

Zondag 6 september 2026 om 11:00 uur

Eredienst in het Frysk
Voorganger(s): Ds. A. Everdink
Ouderling(en): Ellie van Akker
Organist: Rudolf Westra

Eastermar, 6 septimber 2026  9.30 oere             Noardburgum, 11.00 oere

                              Rjochters 6: 25 – 32 Gideon

Voor de dienst zingen we Ps. 102 vers 1 en 2.

Wolkom en meidielings
Yntochtsliet, Psalm 123: 1 “Ik slaan myn eagen nei de himel op”
Fotum en Groet
Wetslêzing, Micha 6: 8  en Romeinen 13: 8b – 10
Psalm 139: 3, 14 “Jo binne achter my en foar”
Gebed
Berneliet, ELB 459 “Lês dyn Bibel, bid eltse dei”
Praatsje foar lyts en grut oer: puzzels út elkoar of yn elkoar lizze
Nochris it earste kûplet “Lês dyn Bibel, bid eltse dei”
Lêze út de Bibel, Rjochters 6: 25 – 33
Sjonge, Psalm 78: 2, 21, 22 “God hiet ús om de skatten fan de skiednis”
Preek            “Kap dêr no mei !!”
Lieteboek 825: 1, 6, 7 “It grut hielal is Gods domein”
Gebeden   ôfslúten mei: “God fan fier en hein ús heit” (meisjonge met de beamer)
https://www.youtube.com/watch?v=tsVyrO1v7cU
Kollekte
Slotlied, Lieteboek 416: “Hear, wês mei ús oant in oare kear”
Segen

Rjochters 6: 25 – 32
25Dyselde nachts noch sei de Heare tsjin him: Nim ien fan jim heite bollen, te witten de twadde, dy fan sân jier en dan moatst it alter fan Baäl dat jim heit sines is, omhelje en de Asjeara dy’t dêrby stiet, stikken slaan. 26Dan moatst in alter foar de Heare, dyn God, bouwe op ’e top fan dit fersterke stee en dat foar gebrûk klearmeitsje. Nim dan dy twadde bolle en offerje dy as brânoffer op it hout fan ’e Asjeara, dyst stikken slein hast.
27Dat sadwaande naam Gideön tsien man fan syn feinten mei en die sa’t de Heare him hjitten hie. Hy weage it lykwols net om it oerdei te dwaan, omdat er bang wie foar syn heite famylje en foar de manlju út ’e stêd. Dat hy die it de nachts. 28Doe’t de manlju út ’e stêd de oare moarns op ’e lappen kamen, seagen se dat it alter fan Baäl fernield wie en de Asjeara, dy’t dêrby stie, stikken slein. Fierder wie de twadde bolle offere op it alter dat dêr boud wie. 29En de manlju fan ’e stêd seinen tsjininoar: Wa hat dat stik útheefd? Hja sochten it út en dienen neifraach. Doe waard der sein: Gideön, de soan fan Joäsj, dy hat dat útheefd. 30Dat de manlju út ’e stêd seinen tsjin Joäsj: Bring jo soan nei bûten, dan moat er stjerre, want hy hat it alter fan Baäl fernield en de Asjeara, dy’t dêrby stie, stikken slein. 31Mar Joäsj sei tsjin allegearre dy’t by him stienen: Moatte jimme foar Baäl yn ’e pleit gean? Moatte jimme him rêde? Wa’t foar him yn ’e pleit giet, sil foar de moarntiid noch deade wurde. As er in god is, lit him dan foar syn eigen rjochten opkomme. It is op ’t lêst syn alter dat fernield is. 32Dy deis neamden se Gideön Jerûbbaäl, want se seinen: Lit Baäl mei him yn ’e pleit gean, omdat er syn alter fernield hat.
Psalm 123: 1
1. Ik slaan myn eagen nei de himel op
en ‘k bid, o God, en rop.
Sa’t feinten de eagen opslaan nei har hearen
om sa har wil te learen
en fammen harren blik rjochtsje yn fertrouwen
op’t antlit fan har frouwen,
sa riist ús each nei God om ried en died
oant Hy syn geunst gebiedt.

Psalm 139: 3, 14

3. Jo binne achter my en foar,
Jo binn’ my neier as wa oars.
Jo lizze, Hear, jo hân op my,
myn foech ferstân kin der net by.
Mei earbied is myn hert befongen,
want hoe ferheven binn’ jo gongen!

14. O God, trochgrûnje en hifkje my
oft ik oan Jo myn wêzen wij,
oft ik net rin in heilleas paad
dat inkeld nei de dea ta laat.
Dan sil de wei dy’t Jo my riede
my nei jo ivichheid ta liede.


Evang. Liedbundel 459 “Lees je Bijbel, bid elke dag’

 
 
1. Lês dyn Bibel, bid eltse dei,
bid eltse dei, bid eltse dei.
Lês dyn Bibel, bid eltse dei,
datsto groeie meist.
Datsto groeie meist,
datsto groeie meist.
Lês dyn Bibel, bid eltse dei,
datsto groeie meist.

2. Lees je Bijbel, bid elke dag
bid elke dag bid elke dag
Lees je Bijbel, bid elke dag,
dat je groeien mag
Dat je groeien mag
dat je groeien mag
Lees je Bijbel, bid elke dag,
dat je groeien mag

                              3. Read your Bible, pray every day,
                              pray every day, pray every day.
                              Read your Bible, pray every day,
                              if you want to grow.
                              If you want to grow,
                              if you want to grow.
                              Read your Bbible, pray every day,
                              if you want to grow.

Psalm 78: 2, 21, 22

2. God hiet ús om de skatten fan de skiednis,
syn wet, syn ûnderrjocht oer al wat wier is
te ûnthâlden en syn heil fan earder dagen
oan bern en bernsbern súver út te dragen.
Sa sil it hiele folk fan Israël
wer weet ha fan it ljocht fan Gods bestel.

20. Mar lykwols hawwe hja Gods wil wjerstribbe
Him ferge en net nei syn geboaden libbe.
Hja foelen yn it kwea fan foargeslachten
mei’t hja fan frjemde goaden it ferwachten.
It folk dat fan de iene God net wit –
in wiffe bôge dy’t yn’t wylde sjit.

21. Hja ha de hân mei Gods geboaden lichte
en bylden boud op mannich offerhichte.
Sa hawwe hja de bân mei God ferbrutsen.
Hy seach it oan en is yn grime ûntstutsen,
ferliet de tinte dy’t yn Sjilo stie,
dêr’t Hy syn wente by de minsken hie.

Lieteboek 825: 1, 6, 7

1. It grut hielal is Gods domein,
wa soe Him grûnje kinne?
Hy troanet ivich sûnder ein,
fier boppe stjer en sinne.
De minske-eagen sjogg’ Him net,
wy hawwe ús eigen timpels set
wylst wy ûnwittend binne.

6. Hy dy’t fier fuort en by ús is,
hoe kinn’ we Him oanbidde
yn stien of hout, in byltenis
fan ien út ús fermidden?
Hy is foar ús in heimenis,
hoe heech of djip ús tinken is,
gjinien kin Him bemjitte.

7. Want Hy dy’t sa ferskillend is
fan wat wy faak ferearje
kaam as in minske ûnder ús
God sels, de heechste Heare.
Us tsjustere ûnwittendheid
is om, – no komt de ljochte dei
dat we ús ta Him bekeare.
Lieteboek 416
1. Hear, wês mei ús oant in oare kear
Wol oant wersjen oer ús weitsje
lit gjin kwea ús rigen reitsje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

2. Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol ús mei jo wjukken hoedzje,
stypje as de stoarmen woedzje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

3. Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol de wegen foar ús sljochtsje,
ús net nei ús sûnden rjochtsje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

4. Hear, wês mei ús oant in oare kear
as wy wurch en warleas binne,
lit ús dan troch Jo oerwinne.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.


 

terug
 

Eredienst in het Frysk
datum en tijdstip 06-09-2026 om 11:00 uur
meer details

 
Contact

contact plaatselijke gemeente:
scriba@pkn-noardburgum.nl

Redactie website
websiteptn@gmail.com

Actualisatie website
De website wordt wekelijks door ons bijgewerkt. 


Sit nearne oer in noed,
mar meitsje yn alles jimme
winsken by God bekend,
troch bidden en smeekjen
mar noait sûnder Him tank te bringen.

En Gods frede, dêr't wy mei al ús
ferstân net by kinne,
sil jimme herten en
jimme tinken hoedzje en
noedzje in Kristus Jezus.

Filippiërs 4:6-7

 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.