PKN
PROTESTANTSE GEMEENTE NOARDBURGUM
 

Zondag 10 mei 2026 om 09:30 uur

Eredienst
Voorganger(s): Ds. W. Feenstra
Ouderling(en): Tietie Visser
Organist: Jaap Smid

Noardburgum10maaie2026frysketsjinst

Liturgy foar snein 10 maaie 2026
                                               (de 6e snein fan Peaske)
yn ‘e PKN-tsjerke fan Noardburgum

foargonger: dûmny Wybe Feenstra
oargelist: Jaap Smid
lektor: Tietie Visser

Liet foar de tsjinst: Psalm 66: 1en 2

  1. Loovje de Heare, bliid fan herte,
  2. Sjoch mei ûntsach Gods wûnderdieden,

Wolkom en meidielings

Sjonge: Psalm 71: 2 en 6
      2.  Wês Jo de fêsting dy’t my berget
      6.  Bliuw net fier fuort, mar help my Heare!

Bemoediging en groetnis

Kyriegebed

Glorialiet: Liet 869: 1, 4 en 5
       1.  Loovje de Hear, ús heechste goed,        
       4.  Ik spriek myn need út yn myn bea:
       5.  Wa’t treast en bystân misse moat

Gebed fan de snein

Skriftlêzing: Johannes 16: 16 o/m 22

Sjonge Liet 662: 1, 2, 3 en 4
  1. Hear, komt yn dizze tiid
  2. Hear, gen Jo by ús wei
  3. Út jo ferburgenheid
  4. De Geast stjoert ús op reis

Preek

Sjonge: Gesang 487 (út: Lieteboek foar de tsjerken)

1  De Hear seach nei my om en ûnferwacht
riisde-ik as op ‘e nij út memme skerte.
Hy hat myn ljocht oanstutsen yn ‘e nacht,
Hy joech my eachweid en in boartlik herte,
sa giet Er oer myn swakkens gear mei macht
en sjocht net oan, wat Him yn my fertrette.

2  Us wei is Him bekend fan ivichheid
en Hy gravearre yn syn hân ús namme.
De Hear wol by ús wenje as in heit,
en intet ús op Him as op in stamme.
Hy kiest ús as in breugeman syn breid,
Hy brekt gjin trou en makket noait beskamme.

3  Jo komme ús tefoaren as in dream,
Jo jouwe-it jo beminden yn ‘e slomme.
Lykas de rein dy’t dripket op in beam,
Sa fiele-ús herten har troch Jo ferromme,
lykas in sêfte wyn strykt oer de stream,
sa sille Jo mei leafde oer ús komme.

Tankgebed – foarbea – stil gebed – dernei sjonge:

God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.

Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.

Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvelsk macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.

God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden.  Amen.

Kollekte

Sjonge: Liet 864: 1 en 4
    1  Sjong bliid en wol te moede,
    4  Lit dan de freze farre,

Segen


 

terug
 

Eredienst
datum en tijdstip 10-05-2026 om 09:30 uur
meer details

 
Contact

contact plaatselijke gemeente:
scriba@pkn-noardburgum.nl

Redactie website
websiteptn@gmail.com

Actualisatie website
De website wordt wekelijks door ons bijgewerkt. 


Sit nearne oer in noed,
mar meitsje yn alles jimme
winsken by God bekend,
troch bidden en smeekjen
mar noait sûnder Him tank te bringen.

En Gods frede, dêr't wy mei al ús
ferstân net by kinne,
sil jimme herten en
jimme tinken hoedzje en
noedzje in Kristus Jezus.

Filippiërs 4:6-7

 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.