PKN
Protestantske Tsjerke Noardburgum
 
zondag 8 augustus 2021  om 09:30 uur
Voorganger: Ds. W. Feenstra uit Twijzelerheide onze eigen predikant
Eredienst

NBGfrysketsjinst8aug2021

OARDER fan TSJINST
foar snein 8 augustus 2021
om 9.30 oere
yn de prot. tsjerke fan Noardburgum


foargonger: dû. Wybe Feenstra
oargelist: dhr. Jaap Smid
beamer: Alex de Groot

De oargelist spilet

Wurd fan wolkom

Sjonge:  Psalm 97: 1 en 6
Wês bliid, want God de Hear is Kening, heech yn ear!
Wês optein, al jim lannen, jim lot is yn syn hannen.
Hoe’t ek syn majesteit - foar ús ferburgen leit -
de grûnslach fan syn troan is inkeld rjochtsbetoan,
kleare gerjochtigheid.

Gods ljocht fâlt tûzenfâld oer wa’t syn wegen hâldt;
dy’t Him oprjocht beminne gean’ yn ‘e blide sinne.
Rjochtfeardich folk fan God, sjong om jim lokkich lot,
wês optein yn de Hear en loovje kear op kear
syn namm’ en heech gebod!

Bemoediging
Foarg:  Us Helper is de Heare,
Alleg:  DY’T HIMEL EN IERDE MAKKE HAT
Foarg:  dy’t de trou hâldt oant yn ivichheid
Alleg:  EN NET LOSLIT WAT SYN HÂN BEGÛN.

Groet
Foarg:  Genede, barmhertichheid en frede
             mei jim jûn wurde fan God, de Heit
             en fan Jezus Kristus, ús Hear
Alleg.   AMEN

Drompelgebed
Foarg:  Wês hjir oanwêzich,
Alleg:   GOD FAN ‘E MACHTEN.
Foarg:  Ljocht yn ús fermidden.  
Alleg:   WÊS JO ÚS HEILÂN,
Foarg:   Dat wy wer libje;
Alleg:   WÊS HJIR OANWÊZICH. AMEN

Sjonge: Liet 275: 1, 2 en 5
O Hear, ús Hear, hoe nei is Jo namme,
net út te sprekken sa tichtby.
Jo binne altyd mei ús dwaande,
ûnder jo wjukken rêste wy.

Jo binn’ net fier fan wa’t Jo oanbidde,
net ûnberikber yn jo went.
Jo binn’ fertroud mei ús fermidden
en ek dit liet wurdt troch Jo kend.

O Hear, ús Hear, hoe nei is jo namme
foar minsken oer de ierde tein.
Bliuw sa genedich mei ús dwaande
en meitsje ús yn Jo folslein.

Kyriëgebed

Sjonge glorialiet:  Liet 978: 3 en 4
Yn blommetaal wurdt ús ferhelle
dat God it is dy’t klaaiïng jout.
De fûgels fluitsje en fertelle:
de skepper bliuwt syn skepping trou.
’t Is alles in gelikenis
fan boppe-ierdske heimenis.

Lit my Jo tabehearre, Heare
en lit my dan de wrâld troch gean
mei iepen eagen, iepen earen
om al jo tekens te ferstean.
Dan is it ierdske libben goed,
de himel sels jout my syn groet.

Gebed fan ‘e snein

Skriftlêzing:  Markus 7: 24 o/m 30

Sjonge: Liet 647
Foar minsken dy’t namleas,
kwetsber en warleas
troch it libben gean,
ûntspringt hjir in boarne,
klinkt wer har namme:
nij wurde wy neamd.

Foar minsken dy’t roppend,
sykjend en klopjend
troch it libben gean,
ferskynt hjir in stimme,
brea om te nimmen:
wy kinne bestean.

Foar minsken dy’t hifkjend
wachtsjend en wifkjend
troch it libben gean,
wjerklinke hjir wurden,
treastfolle wurden:
God wol ús ferstean.

Foar minsken dy’t hoopjend,
amper noch leauwend
troch it libben gean,
werskept God de Heare
Adam mei eare:
wy binn’ nei him neamd.

Preek

Oargelmusyk

Sjonge: Liet 975: 1, 2 en3
Jezus wol hjir minsken moetsje
dy’t yn wurd en bea en liet
Gods oanwêzichheid belide
by wa’t op syn wegen giet.
Lof de Skepper dy’t ús gearbrocht,
lof de Soan dy’t freonskip biedt,
lof de Geast dy’t by ús wennet,
dy’t yn hoop en noed ús liedt.

Jezus wol dat wy Him earje
as de Hear fan hiel de wrâld,
hoeder fan ús faaie libben,
rêder ta ús heil en hâld.
sis it rûn, lit elk it hearre,
sis it rûn, fan freugde fol,
sis de wrâld dat Kristus’ gloarje
hjir op ierde wenje wol.

Jezus rôpt ús byinoarren,
skele we-ek as nacht en dei;
ras of hûdkleur, rangen, stannen,
neat dat ús wjerhâlde mei.
Jou de hân oan freon en frjemdling,
jou de hân oan jong en âld,
oan wa’t leaut en oan wa’t twiv’let,
wierheidsikers yn ‘e wrâld.


Tankgebed en foarbeaen

Sjonge: Liet 534
Hy dy’t blinen ’t ljocht wer joech
en kleur en fleur brocht yn har wêzen,
is sels it ljocht dat romte jout;
ús libbensljocht, de Soan fan God.

Hy dy’t de lammen rinne liet,
de krêft weromjoech oan har libben,
is sels it paad nei ’t wiere lok:
ús libbenspaad, de Soan fan God.

Hy dy’t de earmen iten joech,
oerdiedich har it hert ferwaarme,
is sels it brea, Hy sêdet ús:
ús libbensbrea, de Soan fan God.

Hy dy’t dôven hearre liet
en wurden wer fersteanber makke,
is sels it wurd dat wierheid sprekt:
it libbenswurd, de Soan fan God.

Seine
Foargonger: De genede fan ús Hear, Jezus Kristus,
                     en de leafde fan God
                      en de mienskip fan de hillige Geast
                      wês mei jim allegearre.
Alleg:            AMEN


(De kollekte is by de útgong…)  



 

terug
 
Foto's startweekend
 

Foto's van het startweekend vindt u bij het menu bij jeugd- en jongerenwerk. 

 
Contact

meer
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.