PKN
Protestantske Tsjerke Noardburgum
 
zondag 29 augustus 2021  om 09:30 uur
Voorganger: Da: I. Pol Woudsend
Eredienst Heilig Avondmaal
Organist: Jaap Smid

Snein 29 aug. 2021 Noardburgum

TSJINST FAN TARIEDING
Meidielings
 
  • Yntochtsliet: Lb 280: 1, 2
De freugde liedt ús nei dit hûs,
hjir komt ús ’t wurd benei.
God ropt syn namme út oer ús,
wy sjonge fan syn dei.

Dit hûs fan hout en stien, dat lang
oerlibbe stoarm en striid,
hjir rûzje noch gebed en sang
fan ’t folk út earder tiid.

Bemoediging en groet
f. Us Helper is de Heare
a. DY’T HIMEL EN IERDE MAKKE HAT.
f. dy’t trou is oant yn ivichheid
a. EN NET LOS LIT WAT SYN HÂN BEGÛN

f. De frede fan God is mei jimme
a. DE FREDE FAN GOD IS EK MEI JO

Gebed fan neikommen
 
  • Yntochtsliet: Lb 280: 6, 7
Jou dat wy ’t wurd opnij ferstean
en brek foar ús it brea
ta iten om ús wei te gean
troch libben en troch dea.

Dit hûs slyt lykas wy, mar wa’t
hjir feilich skûlplak fûn
wurdt bliuwend op syn libbenspaad
wer moed en sterkte jûn.

Gebet foar de need fan ‘e wrâld
 
  • Lofliet: Lb 305: 1
Alle eare, alle gloarje
jildt ús God, de Trije_ynien!
Wol ek hjoed de freed fiere
dy’t Hy bringt yn ús bestean.
God fan ljocht, dy’t ús socht,
wês yn leafed_ús tagedien.



TSJINST FAN IT WURD

Gebed om de Geast
 
  • Lêzing út it evangeelje: Marcus 8: 22 - 26
 
  • Skriftliet: Lb 534: 1, 3
Hy dy’t de blinen ’t ljocht wer joech
en kleur en fleur brocht yn har wêzen,
is sels it ljocht dat romte jout:
ús libbensljocht, de Soan fan God.

Hy dy’t de earmen iten joech,
oerdiedich har it hert ferwaarme,
is sels it brea, Hy sêdet ús:
ús libbensbrea, de Soan fan God.

Lêzing út it nije testament: 1 Jeh. 1: 1 - 7
 
  • Lb 339a
Jo komt de lof ta, Jo it gesang,
Jo alle gloarje, o Heit,
O Soan, o Hillige Geast
Yn alle ivichheid.

Preek
 
  • Liet yn andert op ’e preek: Lb 834:
Wol my vernije, ivich ljocht,
jo antlit haw ik altyd socht,
jou dat ik yn jo mienskip diel,
werskep my, God, nei lea en siel.

Skep, God, in nije geast yn my,
in geast fan ljocht, fan sûnde frij,
dan sil ’k jo wurd en wil ferstean
en fleurich op jo wegen gean.

Wês Jo de sinne_yn myn bestean,
dan kin ik feilich fierder gean,
oant aanst de dei komt, ivich ljocht,
dat ik jo hearlik antlit sjoch.

TSJINST FAN GEBEDEN EN FAN DE TAFEL

Gebeden: tankgebed
Foarbeden
Kollekte

Noeging ta it Nachtmiel
 
  • Belidenisliet: Lb 344
Ja, wy leauwe ien en mien
yn de namme
fan God dy’t Hear is, oars gjinien.
Amen, amen

Ja, wy leauwe yn ús Hear,
Jezus Kristus,
dy’t stoarn is en wer opstien is.
Halleluja!

Ja, wy leauwe dat de Geast
ek op ‘t heden
de minske en de wrâld genêst.
Frede, freed.

Grutte lofprizing

Ynstelling nachtmiel

Gebed om de Geast

Us Heit
Us Heit yn ’e himel
lit Jo Namme hillige wurde,
lit Jo keninkryk komme,
lit Jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn é himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden
sa’t wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ’e kweade.
Want Jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
 
  • Liet: Lb 379: 1, 5
Brek ús, Hear, it brea,
lykas by dy freonen,
wa’t Jo nei jo dea
net ferburgen bleaunen.
Lit ik ús Jo fine;
wol, as yn’t ferline,
ús ferskine.

Ein en ier begjin,
boarne_om út te drinken,
meitsje_ús ien fan sin,
dat wy Jo betinke.
Wol ús altyd stjoere,
wierheid, wei te’n goede,
libbenshoeder.

We diele brea en wyn

Tanksizzing

Kollekte
 
  • Slotliet: Lb 425
Wy gean mei jo segen bliermoedich ús wegen,
jo wurd fan onhegen joech ús nije moed.
Hy dy’t ús behâld is, it ljocht fan de wrâld is,
wol waarmje wat kâld is mei syn leafdegloed.
Wat Kristus ús learde is sied ta bekearing,
wy siedzje_it op ierde en wachtsje_op wat komt.
En ûnder de hoede fan Him dy’t ús stjoerde
sill’ leafde en goedens aanst dije rûnom.

Utstjoering en zegen

terug
 
Foto's startweekend
 

Foto's van het startweekend vindt u bij het menu bij jeugd- en jongerenwerk. 

 
Contact

meer
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.